Ton Davids, de skriuwende húsdokter sa as hysels seit, skriuwt stikken dy earne oer gean, meastal stikken om te laitsjen en sûnder pretinsjes en krekt in tikkeltsje oars, oer hjoeddeistige saken. Sa ek it stik “Ferliezers”. It tema yn dit stik is wat d’r allegear barre kin mei minsken yn in strjitte wêr’t de haadpriis fan de postkoadelotterij falt. No, dat blykt hiel ferskaat te wêzen en sjedêr de yngrediïnten foar in moaie jûn toaniel. Ik wol fierder neat oer de ynhâld ferklapje fansels.
“Ferliezers”, in blijspul oer jild, en televyzje, skreaun troch Ton Davids en nei it Frysk oerset troch Simy Sevenster.
De spilers, mei harren regisseur ha d’r wer in hiele moaie foarstelling fan makke. Op freed 26 febrewaris wie de premjêre foar in moaie seal taskôgers. De sneons dêrnei wie de foarstelling alhiel útferkocht. Nei myn betinken hie de regy de krekte persoanen yn harren rollen set. De typkes, it kloppe allegear en it wie wer in moaie miks fan jonge(re) en âlde(re) spilers. En yn dit stik wienen de typkes tige belangryk. It is dan wol de keunst om net “oer de top” te gean en hoewol it d’r in inkelde kear tsjinoan wie, hat it nearne d’r oerhinne west en dat is best knap te neamen by dit stik.
De foarstelling begjint mei ferslachjouwster Roos en har kameraman. Kameraman Pim, in beskieden mar kundich man, goed spile troch Ronny Gras. Hy seit net folle, mar is rûnom op it toaniel oanwêzich, om hieltyd in goeie posysje foar syn “shots” te finen. Dat moat ek, want it docht bliken dat it publyk live meisjen kin. En dan Roos, prototype ferslachjouwster hear. As de kamera út is hat sy in protte geseur op fan alles en noch wat, mar hja is altyd krekt op tiid klear mei har geëamel om mei in ferblinend brede “smile”, har ferhaal te hâlden. Sy is ek dyjinge dy’t it idee hat om in “Docusoap” te meitsjen fan de ferliezers. Roos, werklik prachtich spile troch Rieneke van der Wal.
As dan it ferhaal begjint, binne wy yn de húskeamer fan de famylje van Gorp. Op de bank sit mem Trees nei de telefyzje te sjen. Hja is tige tryst want d’r is wat, dat net hielendal goed gien is. Wy leare Trees kennen as in frou dy’t de wrâld om har hinne op har eigen, in bytsje trystige wize, belibbet. Har reaksjes op dat, wat om har hinne bart, binne gauris fanút har trochtinken oer datjinge wat krekt dêrfoar bard is en dêrtroch tige fermaaklik. Sy komt wat ûnnoazel oer, mar sy hat bytiden fan dy snedige opmerkingen, dy in oare kant sjen litte. It wie prachtich om Tinie van Lingen yn dizze rol te sjen.
De man fan Trees, Fred van Gorp, spile troch Wietze Kramer, hat in frituersaak. It giet dêrmei net sa goed en dat sjogge wy ek goed werom yn it hâlden en dragen fan Fred. Hy is tige noartsk tsjin Trees en de oaren. No d’r komt wol wat binnen hear as hy foar de earste kear de wenkeamer ynbrûzjen komt.
Trees en Fred ha twa dochters, Nienke, in bytsje wrâldfrjemde, gothic dochter, swarte klean en hieltyd mei it boek fan Nostradamus, “Les Prophéties”, yn de hân. Alles wat harren oerkomt, wit sy te ferklearjen troch de foarsizzingen fan de Ziener Nostradamus út te lizzen. Dizze rol wie by útstek geskikt foar Sigrid Wijnja. Op it liif skreaun sis mar. Har suster Sophie, in moaie rol fan Femke Altenburg, is fan in hiel oar kaliber. Tsjin it tuttige oan. De oanwêzigens fan kameraman Pim sjocht sy as DE kâns om in rol te krijen yn GTST. As de kamera draait docht sy har úterste best om yn byld te komen en te bliuwen. De tekstrepetysje mei mem Trees is op it ein tige sneu foar har.
By de famylje heart ek noch de mem fan Fred, Beppe Jo. Reklame meitsjend foar de frituer fan har soan, giet sy troch it stik. Sy makket net allinnich reklame, mar is ek in grutte klant by har soan. Sa smaaklik as sy in patatsje sit te iten, ik krige d’r súver sin oan. Beppe Jo wie in prachtige rol fan Corrie Postma. Dan noch in oar lid fan de famylje, omke Bob. In advokaat mei in wat skimerige eftergrûn. Gek op jild en besiket oeral jild út te heljen. Wit it altyd sa te bringen dat it foar him goed útkomt. Gerard van de Lageweg spile gjin advokaat, hy ís in advokaat.
Dan binne d’r fansels noch de buorlju fan de famylje van Gorp. Dy hienen aardich wat wûn, sy wol. En oh, oh, wat lieten sy dat oan de earme van Gorpen witte. Onno en Mees Stuurman, in homo-stel (Hjir hie it oer de top gean kinnen, mar dat barde net) winne de dikste priis. “Wy bliuwe noch wol freonen hear, mar miskien wat minder omgong”, makke al wat dúdlik wat soks mei in minske dwaan kin. Onno wurdt prachtich spile troch
Hidde Hilverda en Mees, Laurens Schaap docht net foar him ûnder. In moai stel. Dan ha wy noch buorfrou Vera. Sy fynt it allegear mar tige sneu foar de famylje van Gorp en komt oansetten mei prachtige kadootsjes. No ja, prachtich…… Har opmerkingen, by it gemene ôf somtiden, fleane oer it toaniel en kinne mar opfretten wurde troch Trees. As bedoelt sy it wier wol goed, wa sil it sizze. En och, Trees fynt har ek wol wer plezierich hear. Tegearre nimme hja d’r yn in moaie sêne ek noch ientsje op. Margriet Hogeling-van Aalsum tekene foar dizze rol en dat wie in mear dan treflike keuze.
Al dizze minsken koenen har wer útleve yn in tûk betocht dékor. Wat ha dy mannen it dochs eltse kear wer goed foarinoar. Ek de grime is sa as altyd prima yn ’e oarder. Lûd en Ljocht hienen dizze kear net ien fan de dreechste produksjes tink ik, mar it moat dochs allegear mar op tiid oan en út, in ekstra útdaging dit jier foar de hearren fan lûd en ljocht wie it brûken fan (live) filmbylden, in moaie oanfulling. Troch it gebrûk fan saneamde headsets is de fersteanberens prima. De klean pasten krekt by de persoanaazjes, dat hienen de klaaisters wer goed besjoen. De ynsteksters hienen it measte wurk by de repetysjes al dien fansels, mar ik wit dat de spilers harren d’r graach by ha, yn gefal fan….
De regy wie yn hannen fan Hielkje de Wolff. It oanstjoeren fan sa’n grutte ploech minsken is net sa mar wat. Jo moatte goed foar de geast ha wat je wolle. No, dat wie tige yn ‘e oarder. Fan de minsken yn de seal ha ik allinnich mar positive lûden heard.
It moaie en ek wol bysûndere is dat de Sint Nykster Toanielploech dit allegear mei eigen minsken docht. Ik hear fan ferskate toanielferieningen dat de rinnende produksje wolris de lêste wêze kinne soe. Gjin minsken genôch. Dêr ha se yn Sint Nyk net oer te kleien. Hâlde sa.
Resinsje: Roel van Nijen
Foto’s: Menno Dijkstra
- Ferliezers, noch te sjen op: 2, 3, 9 (ekstra foarstelling) en 10 febrewaris 2024.
- Sjoch op www.toanielsintnyk.nl/ferliezers foar de kaartferkeap
- Plak: Zalencentrum Sint Nyk
- Begjin: 20.00 oere, seal iepen: 19.30 oere.