De rooms-katholieke kerk in Sint Nicolaasga is 's avonds en 's nachts verlicht.FOTO: Alex J. de HaanHome-page: http://www.noordoost.nlE-mail: persbureau@noordoost.nl(c) Persbureau Noordoost/Heerenveentel: 0513-626999 fax: 0513-623253mobiel: 0654-727.557

toneel 2022 5SINT NYK - As jo by it 50 jier bestean en alle jierren dêrfoar in moaie toanielproduksje op de planken sette kinne, meie jo as toanielferiening yn dizze tiid wol bliid wêze. Net allinnich om reden fan in feestje, mar ek omdat it toanielspyljen yn jo doarp blykber in grutte oanlûkingskrêft hat. Yn Sint Nyk is dat sa. It bestjoer hoeft net in soad muoite te dwaan om foar harren jierlikse produksje meiwurkers te finen. It entûsjasme is tige grut en yn Sint Nyk is in protte jeugd dy ’t ek graach toanielspylje wol.

Dat entûsjasme wie by de fraach fan it bestjoer wa ’t meidwaan woe oan de jubileum-útfiering net oars. Mar wêr fine jo no in stik, wêryn safolle minsken meidwaan kinne. Dat wie lestich en dêrom wie it in skoftke knap harsenskrabjen foar de ûnderwilens oanstelde jubileumkommisje. Mar hja lieten harren net kenne. Uteinlik, troch in ynfallend idee únder in autoritsje, wie men fan betinken dat ‘r sels wat skreaun wurde soe. Wurk oan ‘e winkel dus. It moast in produksje wurde, weryn fragminten fan toanielstikken fan de ôfrûne jierren te sjen wêze soenen. Sa betocht, sa sein, sa dien….. Mar it die bliken dat it noch in hiel och heden wêze soe. En Corona wie d’r ek noch!!

Mar, de kommisjeleden lieten harren net ferkatse en setten troch. De fragminten waarden fûn, it mooglike probleem mei de groepsgrutte fanwege Corona waard ek oplost. It publyk koe ferdield wurde yn trije groepen en dan spylje op trije lokaasjes. Dus, d’r koe útein set wurde mei de repetysjes. Earst yn lytse groepkes it eigen stik en dêrnei kaam it byinoar. O ja, omdat yn in soad earder spile toanielstikken gebrûk makke wie fan koarsjongers, koenen dy fansels ek net ûntbrekke by dit jubileum. De titel fan dizze jubileumproduksje is: “Jubeleving”. De fragminten binne moaie, ôfrûne stikken wurden en humor fiert de boppetoan. It koar hat in prachtige seleksje makke fan lieten dy ’t ea song binne yn toanielstikken.

Premjêre of try-out
Op tongersdei 31 maart wie de premjêre. Net foar in útferkochte seal, de tongersdei is net sa ’n gebrûklike toanieljûn yn Sint Nyk en fanwege it minne waar wienen d’r ek aardich ôfsizzings. It publyk waard net ferdield yn trije, mar yn twa groepen. Dêrtroch hie dizze premjêre ek wol wat fan in “Try-out”, mar it entûsjasme wie d’r net minder grut troch. Op de freed dêrnei wie de seal mei sa ‘n 150 besikers al moai wat foller. En op de sneontejûn wie it folle bak.
 
Rûntsje troch it doarp
As de besikers d’r yn komme wurde hja op handige wize ferdield yn de trije groepen. D’r is op dat stuit gjin garderobe, dus jassen oanhâlde en earst sammelje yn de grutte seal. Dêr leit de gasthear út wat de bedoeling is dizze jûn. Dêrnei begjinne twa groepen mei harren begelieders oan in rûntsje troch Sint Nyk. De kommunikaasje tusken dizze begelieders giet oer de spesjaal hjirfoar oanmakke “appgroep”. Hja hâlde inoar op de hichte oer begjin en einde fan de trije foarstellingen. Tagelyk begjinne en tagelyk op wei nei de folgjende lokaasje. Dat ‘r dan dochs noch wolris efkes wachte wurde moat foardat in foarstelling begjinne kin, wurdt, bygelyks troch it koar, opfleure mei in tal ferskes.
 
Daverjend einakkoard
Fansels wie it net te dwaan om fan alle produksjes wat mei te nimmen. Sa is d’r in fragmint út: “En wy bliuwe ek te sliepen” en binne fragminten út “Twa” en “Allo Allo” fernimstich mei inoar ferbûn. Yn in tapaslike lokaasje kin harke wurde nei in 6-tal lieten út produksjes fan de ôfrûne jierren. By de lêste foarstelling binne alle groepen wer yn de seal fan it Zalencentrum, foar it daverjend einakkoard.
 
Mei dizze jubileumfoarstelling lit de Sint Nykster toanielploech sjen dat hja ta hiel wat by steat binne. It is in foarstelling wurden, dy it tige wurdich is om te sjen. Alle meiwurkers, dékorminsken, lûd en ljocht, de grime en kapsters, ynstekker, regy, de begelieders fan de groepen, it koar, alle oare omballingen en de spilers binne in hechte groep fan goed 80 minsken, dy ’t him fûleindich ynset om de taskôgers in moaie jûn te besoargjen.
 
Jubileumboek
Foar dit jubileum is troch eigen minsken ek in jubileumboek skreaun. Op de toanieljûnen is dit te keap. En ek by de pleatslike drogist kinne jo sa ’n boek keapje.

Roel van Nijen

Dizze “Jubeleving” is noch te sjen op freed 8 april en sneon 9 april. Begjin: 19.30 oere, seal iepen 19.00 oere. En ek noch op sneintemiddei 10 april, begjin 14.30 oere, seal iepen 14.00 oere. Kaarten kinne on-line besteld wurde op: www.toanielstnyk.nl en binne te keap by drogist De Magneet yn Sint Nyk. De kaarten binne € 12,50 it stik.

(foto's De Zakenman)

 

toneel 2022 8

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

toneel 2022 6

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

toneel 2022 1

toneel 2022 4

toneel 2022 2

 

 

 

toneel 2022 3

Elke vrijdagmiddag het laatste nieuws in de mailbox?

Advertenties