In toanielstik by it ôfskie fan Lambert en Anneke de Boer fan Bar-Cafetaria De Gaast yn Sint Nyk. Twa âlde bekenden komme del: Corien Rondaan en Yme Nota spylje yn oktober 2023 it stik Twa, dat se sân jier lyn ek al. Krekt as doe is de bar ek wer it poadium. Yn 2016 waard it stik net de betochte fjouwer kear spile, mar yn totaal njoggen kear.
Om’t it toanielstik doetiids sa goed oansloech, ha Lambert en Anneke de Boer de spilers frege om “Twa” nochris foar it fuotljocht te bringen no’t se de saak oan harren dochter Nynke en skoansoan Willem Aukes oerdrage.
Yn de 32 jier dat Lambert en Anneke útbater wiene, ha se hiel wat by it ein hân. Live muzyk, thema feesten tot oan “stand-upcomedy”. Alles koe yn Bar De Gaast, fertelt Yme Nota. Yn it toanielstik spilet er in kroegbaas, dy’t tegearre mei syn frou in kroech lykas De Gaast hawwe. Ferskate gasten komme lâns.
Yn oktober fan dit jier sil it heve. Op 6, 7, 13, 14, 20 en 21 oktober 2023 wurdt it stik opfierd. Oanfang is 20.30 oere Kaarten á € 15,- binne te keap op sneon 24 juny yn De Gaast fan 16.00 oant 19.00 oere. Der kin allinne kontant betelle wurde.
Foto: Twa