Alle kaarten foar it toanielstik Twa yn Bar-Cafetaria De Gaast yn Sint Nyk binne útferkocht. In lytse fiifhûndert minsken komme yn oktober del. It stik wurdt nei sân jier op ‘e nij útfierd by it ôfskie fan Lambert en Anneke de Boer fan harren etablissemint. Yn in wikein tiid wiene de kaarten foar de seis jûnen fuort. Der binne noch twa jûnen oan de seis plande foarstellings taheakke. ,,Dy binne ek al fol’’, fertelt Yme Nota. Elke jûn is der plak foar sechtsich taskôgers.
It toanielstik wurdt op 6, 7, 13, 14, 20 en 21, 27 en 28 oktober 2023 opfierd. Yme Nota en Corien Rondaan binne al drok oan it repearen. Se spylden it stik sân jier lyn ek. As tTwa âlde bekenden komme se del. Krekt as doe is de bar ek wer it poadium. Yn 2016 waard it stik net de betochte fjouwer kear spile, mar yn totaal njoggen kear.
Om’t it toanielstik doetiids sa goed oansloech, ha Lambert en Anneke de Boer de spilers frege om “Twa” nochris foar it fuotljocht te bringen no’t se de saak oan harren dochter Nynke en skoansoan Willem Aukes oerdrage.
Foto: Twa/Bar-Cafetaria De Gaast