De rooms-katholieke kerk in Sint Nicolaasga is 's avonds en 's nachts verlicht.FOTO: Alex J. de HaanHome-page: http://www.noordoost.nlE-mail: persbureau@noordoost.nl(c) Persbureau Noordoost/Heerenveentel: 0513-626999 fax: 0513-623253mobiel: 0654-727.557

In hyl240203 Langweer toneel DokterPaul 1 1000aryske jûn ha de besikers fan de jierlykse útfiering fan toanielferiening De Doarpsrounte Langwar hân. De klucht ,,De Trekflike Dokter Paul’’ soarge sneontejûn 3 febrewaris 2024 foar in goeie besetting fan de stuollen yn de sfearfol oanklaaide sporthal It Tsjillân. In dikke 225 besikers kamen del, der moasten stuollen bysetten wurde.

 It stik waard yn trije bedriuwen útfierd en die minsken guontiden de triennen oer de wangen rôlje. De spylders fan de toanielferiening brochten it stik mei faasje. It ferhaal oer de bistedokter siet fol mei misferstânnen en dûbeldsinnigens. Dokter Paul is yn it ferhaal krekt yn de praktyk begûn. Al gau docht bliken dat syn foargonger dokter Vermeulen by de achterdoar ek wol minsken holp om’t de húsdokter in hiel ein fierderop wenne. De measte ynwennes fine de lokale help wol goed.

De klucht van Henk Roede yn de Fryske oersetting van Henk Klijnstra frege de ôfrûne winter tidens de repetysjes de nedige ynset fan de spylders, mar it publyk wie mear as tefreden oer wat se foarskûtele krigen.

Foto's: Menno DIjkstra

240203 Langweer toneel DokterPaul 2 1000240203 Langweer toneel DokterPaul 3 1000240203 Langweer toneel DokterPaul 4 1000240203 Langweer toneel DokterPaul 5 1000240203 Langweer toneel DokterPaul 6 1000240203 Langweer toneel DokterPaul 7 1000

Elke vrijdagmiddag het laatste nieuws in de mailbox?