De rooms-katholieke kerk in Sint Nicolaasga is 's avonds en 's nachts verlicht.FOTO: Alex J. de HaanHome-page: http://www.noordoost.nlE-mail: persbureau@noordoost.nl(c) Persbureau Noordoost/Heerenveentel: 0513-626999 fax: 0513-623253mobiel: 0654-727.557

240510 Scharsterbrug Noorderlicht c YennyMiedema liggend 1000Ek wol ta har eigen ferwûndering hat Yenny Miedema út Sint Nyk freedtejûn 10 maaie 2024 in foto fan it noarderljocht boppe har eigen hûs oan de Venusstrjitte makke. Se wie tegjearre mei Rick van der Weg, Esmé van der Singel, Rudie van der Weij en noch mear Sint Nyksters by in optreden fan punkrockband No Fun At All yn Snits doe’t har broer út Harns har belle.

,,Myn broer skille run 23:00. Jim moatte sametien nei bûten ta, it noarderljocht is no al goed te sjen en it sil stadich oan mear wurde, kom mar del yn Harns. Dus nei ofrin soenen we nei Harns ta. Mar we wienen wat wurch, dus dochs mar nei hus ryde sadat we betiid op bed koeden gean. Oppe de grutte dyk seachen we al in faach skynsel, mar it sil wol neat weze. Doet we ter hichte fan Skarsterbrêge wienen, makke ik foar de grap in foto en hja der wie hiel dúdlik in skynsel te sjen. By de ofslach hawwe we de auto delsetten en seagen we in hiele heldere ljocht griene baan fan it noardwesten nei it easten rinnen. Werklik prachtich! Thús oanbelâne koe ik it net litte om in foto te meitsjen fan ús hûs. It noarderljocht boppe jo eigen hûs. Dat is om efkes stil by te stean. Sille we dit ea wer sjen?’

Foto: Yenny Miedema

240510 Scharsterbrug Noorderlicht c YennyMiedema 1000

Advertenties

Elke vrijdagmiddag het laatste nieuws in de mailbox?