De try-out fan de fiifde toernee fan de trije Fryske sjongers/ferskeskriuwers Piter Wilkens, Gurbe Douwstra en Marcel Smit is op freed 20 septimber 2024 yn Sint Nyk. De muzykmannen kieze foar in optreden yn gebou Unitas fanwege de smûke sfear. ,,Ik ha earder yn Unitas spile en it like my in geskikte, moaie lytse seal foar in try-out fan Frisicana, sa as ús toernee hjit’’, fertelt Piter Wilkens.
De achttjin plande optredens binne rûnom yn Fryslân, mar net yn Sint Nyk of omkriten. ,,Wy wolle ús optredens wat oer de provinsje ferdiele en wy hienen neat yn 'e omkriten fan Sint Nyk stean, dêrom Unitas.’’ De allerearste try-out is op freed 6 septimber 2024 yn it tsjerkje fan Leons. De premjêre is op 28 septimber yn de Koornbeurs yn Frjentsjer.
De trije rasmuzikanten spylje foar de fiifde kear meiïnoar yn in toernee lâns téaters en sealen yn Fryslân. Se hawwe it der oer dat it de lêtste kear is en jouwe dêr mei de ûndertitel “Into the sunset” ek in oantrún ta. Smit, Wilkens en Douwstra hawwe it der stikumwei ek oer om de Heintjes Davids fan Fryslân te wurden en lykas de Rotterdamske fariëtee-artyste eartiids hieltyd werom op it toaniel te kommen.
De mannen sizze it kommende teaterskoft mei in ferrassend Frysk- en Ingelstalig program en in farieerd repertoire te kommen. Foar it grutste part nij en sels skreaun en komponearre of fertaalde klassiekers, oanfold mei ferskes út it mânske Americana-repertoire, wêr’t de trije foar in part harren ynspiraasje út helje. Se brûke muzyk fan ûnder oare The Highwaymen, David Ramirez, John Gorka, Creedence Clearwater Revival, The Turnpike Troubadours en mear.
Foto: Frisicana