De gemeente De Fryske Marren is op syk nei in Frysktalich kultureel inisjatyf of persoan, dy’t yn é gading komt foar de Fryske Taal- en Kultuerpriis. Eltsenien kin der nominaasjes foar
yntsjinje. De priis wurdt útrikt op ‘de dei fan de memmetaal’, op freed 21 febrewaris 2025. De priis bestiet út in bedrach fan 750 euro.
De lêste kear wûn tonielferiening Fryske Krite De Jouwer. Yn De Fryske Marren wurdt in protte Frysk brûkt. De gemeente wol it brûken fan it Frysk stimulearje. De Taal- en Kultuerpriis is dêr in middel ta. Oan de hân fan alle nominaasjes kiest de sjuery in winner. De sjuery bestiet ûnder oare út Meindert Tjerkstra en wethâlder Chris van Hes.
- Nominearje kin fia de webside: www.defryskemarren.nl. Fansels is it fan belang dat jo derby sette werom’t dizze persoan, feriening of groep de priis fertsjinnet.
Foto: Byldbrêge/Menno Dijkstra