De rooms-katholieke kerk in Sint Nicolaasga is 's avonds en 's nachts verlicht.FOTO: Alex J. de HaanHome-page: http://www.noordoost.nlE-mail: persbureau@noordoost.nl(c) Persbureau Noordoost/Heerenveentel: 0513-626999 fax: 0513-623253mobiel: 0654-727.557

De tsiende Postmarun, al jierren om de Amazonasfiver yn Sint Nyk, hie in grut oantal entûsjaste dielnimmers. Yn 2014 waard dizze famyljeloop foar it earst rûn mei 23 hurdrinners en seis bern. Opsetten troch Auke en Ridzert Postma, beide mei in lange earelist op dit gebiet, waarden der trije rondes rûn om de fiver hinne, mei in ôfstân fan 3.210 meter, sawol foar de manlju as foar de froulju.

Dielname stiet iepen foar de broers en susters fan de beide bruorren Postma, foar har bern en lytsbern. It tal lytsbern waard stadichoan grutter en sy binne mar wat grutsk dat sy ek in pear rûntsjes hurdrinne meie, krekt as har âlders, mar wol lytsere rûntsjes fansels. Guon rinne mei oan de hân fan heit of mem, dy’t soms ek dravendewei ien op ‘e nekke nimme.

De tsiende kear wûn Joas Postma út Sondel, dy’t mei in fikse sprint útein sette en net mear te achterheljen wie. De wat âldere jeugd rûn íen grutte ronde fan 1.070 meter en dat einige yn in einsprint fan Norah (út Snits) en Fabian (Meppel). Mei it each wie hast net te sjen wa’t earste wie, mar dat makke net út, sy wiene beide earste yn har kategory.
Nijkommer Roan, woe foar syn broer Joas net ûnderdwaan en sette as in spear útein. Hy moast it in bytsje bekeapje, mar waard dochs kreas twadde, in talint foar de takomst! Alle jeugd rûn optimaal en krigen nei ôfrûn in pûdsje sjips, in pakje drinken en in houten herinneringsmedalje.

Klapstik fan de middei
Doe kaam it klapstik fan de middei: de wedstriid foar jong en âld oer trije ronden om de fiver (3.210 m). De beamwoartels oer it hiele trajekt wiene mei kryt oanjûn foar de feiligens en der waard daliks mei fikse gong útein set. Al fjouwer jier is it by de mannen in striid tusken Sjoerd (Lemmer) en Thom (Sint Nyk) dy’t der beide hurd foar trene en al fjouwer kear yn dizze folchoarder as earste en twadde binnenkomme. Dy’t as lêsten rinne, wurde yn ‘e twadde ronde al ynhelle troch dit geweld, mei as fêste tredde Marten-Hendrik (Sondel).

Gerard (Nijemardum) knokt al hiel lang mei de folle jongere Mark (Hústerheide), mar moast dizze kear belies jaan. Sa druppele elkenien binnen, fan de fyftjin dielnimmers (m/f) waard Ridzert, dy’t it organisearret mei Thecla (beide Snits), as lêste ek mei applaus binnenhelle. By de froulju wie de spanning ditkear net sa grut, want foar de achtste kear wûn Regine (Akkrum), dy’t sels sicht hold op de twadde rinner fan de mannen. Twadde wie Trudy (Snits), dy’t meirûn yn in groepke mei Mark en Gerard en Sandra waard tredde yn in dik persoanlik rekôr.

Oan ‘e ein waarden de fjouwer wikseltrofeeën útrikt oan de jeugd en de minder jeugdigen en de hiele famylje gie fuort út de bosk, nei de wolfertsjinne rêst yn har eigen hûs. De tank fan de famylje gie út nei jonkhear Tjalling van Eysinga foar it tsien kear beskikber stellen fan syn bosk foar de run en dan spesjaal it part rûn syn fiver.

Foto's: Yvonne Bijma

2411 SintNyk FamyljePostmaRun 1 c YvonneBijma 15002411 SintNyk FamyljePostmaRun 2 c YvonneBijma 15002411 SintNyk FamyljePostmaRun 3 c YvonneBijma 15002411 SintNyk FamyljePostmaRun 4 c YvonneBijma 15002411 SintNyk FamyljePostmaRun 6 c YvonneBijma 15002411 SintNyk FamyljePostmaRun 7 c YvonneBijma 15002411 SintNyk FamyljePostmaRun 8 c YvonneBijma 1500

🎄 Uw kerstwens:

Uw kerst- en nieuwjaarswens voor lezers van DeSintNykster.nl.

Vul hier een kerstwens in van maximaal 130 tekens
Vul hier de naam (namen) in van de afzender
Klik op het rondje zodat het groen wordt.
 Lees alle kerstwensen >>
Elke vrijdagmiddag het laatste nieuws in de mailbox?

Advertenties